Toneelvereniging “Op, mar net út e Hichte”

Toneelvereniging “Op, mar net út ’e Hichte”
Toneelvereniging “Op, mar net út ’e Hichte”

De toanielferiening 'Op, mar net út 'e hichte' út Burdaard is oprjochte op 5 febrewaris 1981. Nei oanlieding fan in oprop troch Sietske Bos sette de ploech mei 14 leden útein. De toanielferiening is fan en foar it doarp Burdaard.
De feriening is oansletten by de STAF - Stichting Amateurtoaniel Fryslân. Elk jier besykje wy om in Frysktalich stik op de planken te krijen. Dat binne komeedzjes, mar soms ek stikken mei in serieuzere ynslach. Us stikken wurde beoardiele troch STAF en dêr kinne wy in protte fan leare.
Der is ek in jongereinploech dy’t eigen ûtfieringen fersoarget en dêr in protte wille oan belibbet.
De toanielferiening telt no sa’n 25 leden en it is in gesellige ploech. Der kinne altyd mear minsken by! Wy kinne bûten spilers ek wol minsken brûke, bygelyks as ynfaller op oefenjûnen of om de omballingen klear te setten.
Hawwe jo ynteresse of soene jo in oefenjûn bywenje wolle skilje dan mei ien fan 'e bestjoersleden. It bestjoer bestiet út:

Foarsitter: Jenno Terpstra
Ponghâldster: Angela Vergeer
Skriuwster: Babs Gezelle Meerburg, 0519 332890
Lid: Jan Krijnen
Lid: Greetje Kingma
Of mail nei: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
Share
Copyright 2013 www.burdaard.nl - Ontwerp en realisatie door VISUAFIX