Toneel: Bikiny’s en Briedwoarst

Categorie
Uitgaan
Afgelopen
2015-03-14 20:00
Toneel:  Op, mar net út 'e hichte  spelen "Bikiny’s en Briedwoarst"

In 2015 komt de toanielferiening wer mei in nij stik op ’e planken.It wurdt in spektakel mei in dekôr sa’t jim dat noch nea sjoen hawwe. Neat gjin húskeamer of kafee, mar in strân op it poadium dêr’t fansels fan alles te dwaan,te belibjen en te sjen is.

Der binne ferskate badgasten dy’t net allegear likebêst mei elkoar oerwei kinne en ek it ‘persoaniel’ fan it stikje strân hat de nedige problemen. Sa is der in slachtersechtpear en in Dútske famylje en fansels in stoere strânwacht dy’t alles yn ’e gaten hâlde moat. Wat is it ferhaal fan de Kapitein? Dan is der noch de driigjende moardner ..... de plysje is dêr ek tige benijd nei. Op alle fragen komt in antwurd yn de ûntknoping fanit stik. De nuvere typkes, de feskate linen yn it ferhaal, de humorist yske sênes en in protte werkenbere strânûngemakken meitsje fan dit blijspul in kolderich gehiel.

In genot om te spyljen, om nei te sjen en jin de bûsen by út te skuorren.

Entree vrijdag 13 maart: €10,00
Entree zaterdagmiddag 14 maart: €7,50
Entree zaterdagavond 14 maart: € 10,00
 
 
 
Copyright www.burdaard.nl