SKIPPERSBITTER

Categorie
Uitgaan
Datum
2015-10-02 20:30
De foarstelling Skippersbitter is boppe ferwachting in grut sukses. Fan 18 septimber oant en mei 18 oktober fart Skippersbitter dêrom wer oan board fan Theaterskip de Bald'r troch de provinsje en komme se ûnder oaren te lizzen op freed 2 oktober yn Burdaard om 20:30.

Skippersbitter fertelt it ferhaal fan Hylke en Sjoerd. Twa mannen út in skipperslaach dy elkoar moetsje by in wedstriid fan it Skûtsjesilen op’e Lemmer. Twa generaasjes dy’t elk mei harren eigen fisy op it silen en de skipfeart yn it libben stean. Mei ferhalen en bylden fan sawol it ferline as fan no groeie de beide mannen hieltiid mear nei elkoar ta. Mar is dy moeting tusken Hylke en Sjoerd wol sa tafallich as dat it liket?

Skippersbitter wurdt spile troch Bert Sinnema en Harmen Brouwer. Lêstneamde is sels bemanningslid op it Drachtster Skûtsje ‘De Twee Gebroeders’. De rezjy is yn hannen fan Theo Smedes.

Sjoch foar kaarten en de hiele spyllist op www.denoordersmederij.nl
 
 
 
Copyright www.burdaard.nl