Nijs út Fryslân

De Skieppekoptroffee 2018 Burdaard útrikt oan Pieter en Grietje de Groot

De familiefilm is noch net draaid of de brokante- en keunstrûte steane al wer op it publikaasjeboerd by de Wettersuvering oan de Hikkaarderdyk. Pieter en Griet de Groot binne de stille krêften op de achtergrûn dy’t der foar soargje dat Burdaard en it MFC op de foargrûn steane. Net allinnich minsken dy’t ús doarp foarby ride, ek Burdaarders brûke it boerd as yn-it-sin-bringer: ‘Wat is der dizze wike yn Burdaard te dwaan?' Har ynset sil hast gjin Burdaarder ûntgien wêze. Dêrom krigen sy by de jiergearkomste fan Doarpsbelang Burdaard-Jislum e.o. op freed 16 maart lêstlyn de Skieppekoptroffee 2018 útrikt.
Share
Copyright www.burdaard.nl